Piet Paulusma: takom wike komt de temperatuer boppe de 30 graden

Waarman Piet Paulusma ferwachtet dat Nederlân takom wike te meitsjen krije kin mei in hjitteweach. Fryslân sil wol ien fan de koelste provinsjes fan it lân wêze, mar ek hjir kin it tige waarm wurde, mei temperatueren boppe de 30 graden.
Simmer © Shutterstock.com
Moandei bliuwt it yn Nederlân foarearst noch ûnder de 30 graden, mar is it wol tige waarm. Takom wike tiisdei sille de temperatueren yn it midden, easten en suden al nei de 30 en 31 graden oprinne. Woansdei is dan de earste dei dat it ek yn Fryslân boppe de tropyske temperatuer fan 30 graden komme kin. Dit komt om't de boppeloft bot ferwaarme wurdt.
Lanlik sjoen soe it dan tongersdei offisjeel in hjitteweach wurde kinne, as de temperatuer dan ek boppe de 30 graden komt. De kâns op in tongerbui wurdt takom wike ek hieltyd grutter, mar it is dreech te sizze wêr't dizze buien krekt falle sille.
De lanlike kâns op in hittegolf liket grut, yn kombinaasje mei de ekstreem lange en drûge waarmteweach.