De ekonomy groeit: wurkjouwers sitte te springen om personiel

De ekonomy groeit en hieltyd minder minsken sitte sûnder wurk. Dit hat gefolgen foar it tal fakatueres. Oan it begjin fan 2018 stiene 5.500 Fryske fakatueres iepen. It binne der 33 persint mear as in jier ferlyn.
Yn in tal sektoaren binne fakatueres dreech yn te foljen en dat kin liede ta in tekoart oan personiel. In jier ferlyn wiene der tekoarten yn de technyk en de ICT, mar no is dat folle breder. Wurkjouwers sykje benammen fakminsken. Fan kraanmasinisten en frachtweinsjauffeurs oant wurknimmers yn de soarch of de hoareka.
Wurkjouwers sykje oplossingen om de fakatueres dochs yn te foljen, Sa wurde funksje-easken en arbeidsbetingsten oanpast. Om't in soad wurksykjenden net ien op ien geskikt binne foar in iepensteande fakatueres is in oplieding troch de wurkjouwer needsaaklik, en soe it in oplossing wêze kinne foar it tekoart.
In monteur oan it wurk yn in autogaraazje © Shutterstock.com