Kollum: "Reinbôgeprovinsje"

19 jul 2018 - 07:25

"Fryslân is de iennichste Nederlânske provinsje dy't noch net 'Reinbôgeprovinsje' is. Nei't de Provinsjale Steaten fan Utert ferline wike it foarstel om in Reinbôgeprovinsje te wurden oannommen hat, stiet allinnich Fryslân der net foar.

Botte Jellema - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

Reinbôgeprovinsjes wolle emansipaasje en akseptaasje fan LHBTI's stimulearje. It giet dus om it helpen fan minsken dy't it soms dreech hawwe, troch harren seksuele of genderidentiteit. Want al giet it neffens sifers fan it Sociaal en Cultureel Planbureau hieltyd in bytsje better mei de akseptaasje fan lesbiennes, homoseksuelen, biseksuelen, transgenders en minsken mei de yntersekse-kondysje, it is en bliuwt in kwetsbere groep.

Sifers fan itselde SCP: LHBTI-jongerein besykje fjouwer kear sa faak as hetero-leeftiidsgenoaten harsels tekoart te dwaan. 'Homo', 'gay' en 'relnicht' binne wurden dy't troch bern út de groepen 6, 7 en 8 it faakst brûkt wurde as skelwurden, sa fûn de Nationale Academie voor Media en Maatschappij. Dan binne de bern noch gjin tolve jier âld! Dat soe al ta neitinken stimme moatte. Mar de Provinsjale Steaten tinkt dêr oars oer: doch mar normaal.

Dêrop oansprutsen op Twitter, reagearre it account fan 'e provinsje Fryslân in kear as fiif itselde mei: 'Wij vinden net als jullie dat iedereen gelijkwaardig is. De Friese vlag staat voor de gehele samenleving. Niemand uitgezonderd. Niet voor niks is onze slogan: Mei elkenien foar elkenien.'

Moandei stie der in opinystik yn it Friesch Dagblad fan Avine Fokkens, fraksjefoarsitter fan de VVD yn de Steaten. In folslein ûnbegryplik stik, om't Fokkens sa'n bytsje letterlik skriuwt dat se foar alles stiet dêr't it yn Reinbôgeprovinsjes om giet, mar dat se it ûnsin fynt om dêr in hântekening ûnder te setten. Har argumint: dan krije we it byld dat LHBTI's oars of net normaal binne, en dat is eat dat se net wol.

Ja, ammehoela. It Waad moat net tinke dat it oars of net normaal is, dat we dêr net nei gas boarje of grutte ljochtynstallaasjes pleatse, dus dêr komt gjin foarstel foar. Bern moatte net tinke dat se oars of net normaal binne, dus lit projekten foar ferkearsfeiligens foar ús jongsten mar sitte. Ik bedoel: wêrfoar sitsto yn 'e Steaten, Fokkens? Of wolsto de hiele provinsje mar opheve, want we moatte as Friezen fansels net tinke dat we oars of net normaal binne?

Avine Fokkens skriuwt - en no makket se it hielendal bûnt - 'Met het hijsen van de regenboogvlag wordt dan ook geen recht gedaan aan alle andere mensen die zich ook geconfronteerd zien met disciminatie.' Fokkens ferjit te sizzen dat de reinbôgeflagge ek gjin útkomst biedt yn it konflikt yn Syrië, of de soargen oer it retail sintrum fan it WTC-gebiet oplost - fiif miljoen euro fan elkenien foar in projektûntwikkeler.

Ik bin LHBTI, alteast, ien fan die letters. En ja, wy binne bysûnder. Mar net omdat wy dat sels wolle. Dat wurde we troch oaren. Troch dejinge dy't op skoalpleinen en op sportfjilden skelle mei it wurd 'homo', Avine. Earst tinkst wat is dat, Avine. Dêrnei wurdst boas, Avine. En nei in skoftke tinkst: wêrom sizze se hieltyd it wurd 'homo', Avine, se hawwe it oer my, Avine, en bin ik hjir wol feilich? Sa fielt dat, Avine. Krekt sa asto dy no fielst trochdat ik hieltyd dyn namme neam.

Wat skamsum foar ús grutske provinsje! Krekt oft der net genôch flaggemêsten binne op it provinsjehûs. En dat yn de provinsje dy't it thús is fan de iennige flaggesintrale fan it lân.

Friezen binne oars en net normaal, mar dêr binne se grutsk op. Krektlyk binne LHBTI's oars en net normaal. Oer twa wiken is der yn Amsterdam wer de wrâldferneamde Pride mei de Canal Parade. Pride. Grutskens. Omdat we in tsjinkrêft jaan wolle oan de skamte dy't de mienskip yn it ferline, mar eins noch hieltyd opleit oan LHBTI's.

Reinbôgeprovinsje wurde betsjut stipe jaan oan sa'n tsjinkrêft. Stipe is jild, belied én symboalen. Sa as mei alles yn ús provinsje. En as it hisen fan in reinbôgeflagge op ien dei yn it jier op it provinsjehûs der net ôf kin, omdat de provinsje al sa'n ferrekt ynklusive slogan hat, dan binne dy folsleine Steaten en benammen dy VVD fan Fokkens gjin knip foar de noas weardich.

Kom op, Steateleden. Fryslân stiet lanlik foar lul. Wurdt Reinbôgeprovinsje. Wêr is jimme grutskens?"

(advertinsje)