Brânwacht yn aksje foar brân op strân by de Smelle Ie

© SR Fotografie
By it strantsje by de Smelle Ie stie woansdeitejûn in plestik picknicktafel yn 'e brân. Buertbewenners seagen swarte reekwolken en bellen 112. De brânwacht fan Beetstersweach ried dêrop út. Om by it fjoer te kommen moast lykwols earst noch de ketting fan de slachboom by it strantsje trochknipt wurde.
It fjoer wie al gau út. Bewenners hawwe seis jongeren sjoen by de brân. Oft sy der wat mei te krijen hawwe, is net dúdlik. It strantsje is jûns en nachts ferbean gebiet. De plysje sil dêr de kommende moannen ekstra kontrolearje.