See-earnespotters by Suwâld belibje spannende tiden

18 jul 2018 - 22:51

It binne spannende tiden foar de fûgelleafhawwers by Suwâld. De beide jongen fan de see-earnen dêr kinne op elts momint de wide wrâld ynfleane. Heit en mem binne der hast oan ta om se frije fleugels te jaan en as dat bart, is dat in geweldich gesicht.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Dat meie je net misse, sizze de leafhawwers dy't de lêste dagen wakker aktyf binne. Se hawwe harren mei har grutte telelinzen nestele by Suwâld oan it Prinses Margrietkanaal. Oan de oare kant fan it wetter is it nêst fan de see-earnen. It is net te sjen mar de magy fan wat samar gebeure kin tusken it grien is der net minder om.

''Komme hjir alle dagen''

''Dit is it moaiste wat der is'', sizze Jappie Seinstra en syn ûnôfskiedlike maat Lubbert Boersma. De grutte see-earnen hawwe se sjoen en fotografearre, de lytse noch net. ''Wy komme hjir alle dagen en wachtsje somtiden oeren. Wy prate en hawwe it oer fûgels, mar somtiden binne we ek gewoan stil.''

Harkje nei de bydrage fan ferslachjouwer Auke Zeldenrust

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Trefwurden: 
see-earnen Suwâld spotters
(advertinsje)
(advertinsje)