Problemen mei brêge Burgum lykje no foarby te wêzen

18 jul 2018 - 22:35

De problemen mei de brêge oer it Prinses Margrietkanaal by Burgum lykje foarby te wêzen. De oannimmer seit dat it mankemint dizze dagen oplost wurdt. Woansdeitejûn hawwe monteurs opnij dwaande west om de steuring te ferhelpen.

It docht bliken dat in sensor net goed ôfsteld is. Dêrtroch geane de slachbomen net wer iepen as de brêge iepen west hat. Dy sensor wurdt no bysteld en neffens haad-oannimmer Piet van Krimpen is it probleem dan oplost. ''Garanties kan ik niet geven, maar het is voor 99 procent zeker dat het nu is opgelost.''

De steuring fan de Burgumerdam soarget de lêste moannen foar grutte frustraasje. Burgumers, automobilisten en helptsjinsten hawwe skjin harren nocht. Der hat dizze wike noch oerlis west om ûnder oaren in needsenario te bepraten. Sa soene der mooglik bussen ynset wurde om de minsken om Burgum hinne te ferfieren, mocht de brêge wer net goed funksjonearje. Dat liket no net nedich, hopet Willem de Boer fan de provinsje. ''We binne wiis dat it no oplost is, as we de oannimmer leauwe meie.''

Haad-oannimmer Piet van Krimpen oer de oplossing fan it probleem

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Trefwurden: 
brêge Burgum problemen
(advertinsje)
(advertinsje)