Wer hieltyd mear blau-alch yn Fryslân oantroffen

18 jul 2018 - 21:39

Op ferskate plakken yn de provinsje is resintlik blau-alch oantroffen. Sa is der woansdei ûnder oaren blau-alch fûn yn it swimwetter by Eastermar, yn de Aldegeaster Brekken en by De Leijen by De Rottefalle. Ek by De Swanneblom yn Menaam sit de baktearje yn it wetter.

Earder waard ek al blau-alch oantroffen op Skylge en by De Lauwersmar. De baktearje kin soargje foar yrritaasje oan de hûd en mageklachten.

Trefwurden: 
blau-alch swimwetter
(advertinsje)
(advertinsje)