SC Hearrenfean spilet lyk yn oefenwedstriid tsjin FC Twente

18 jul 2018 - 20:59

Sportklup Hearrenfean hat yn Langsweagen mei 1-1 lykspile yn de oefenwedstriid tsjin FC Twente. It wie nei Borussia Mönchengladbach ûnder 23 de twadde wedstriid tsjin in betelle fuotbalklup. FC Twente spilet dit jier yn de Earste Difyzje.

Foto: OrangePictures

Yn de earste helte wie Hearrenfean wol better sûnder hiel goed te spyljen. De bêste kansen wienen foar Hearrenfean. De grutste kâns kaam troch in ferkearde weromspylbal fan Twente-ferdigener Peet Bijen, dy't de bal op de eigen peal skeat.

Iepeningstreffer

Nei in pear wiksels yn de rêst kaam Twente op 1-0. Hearrenfeankeeper Trevor Doornbusch makke in grutte flater en Dylan George makke nei 51 minuten de 1-0. Twente wiksele nei in goed oere hast de folsleine ploech. Hearrenfean wie de twadde helte lang minder, mar sette yn de einfaze noch wol oan. Mihajlovic makke yn de 81ste minút de 1-1. Van Amersfoort rekke yn de einfaze noch de peal.

SC Hearrenfean - FC Twente 1-1 (0-0). 51. George 1-0; 81. Mihajlovic 1-1.

Opstelling Hearrenfean earste helte: Hahn, Floranus, Naess, Pierie, Woudenberg, Kobayashi, Frederiksen (17, Denemarken), Van Amersfoort, Mihajlovic, Veerman en Hornkamp.

Opstelling Hearrenfean twadde helte: Hahn, Naess, Høegh, Drkusic (18, Slovenië), Woudenberg, Bruijn, Frederiksen, Van Amersfoort, Mihajlovic, Veerman en Hornkamp.

(advertinsje)