Sânde oerwinning op rige foar Van der Bos yn Minnertsgea

18 jul 2018 - 20:50

Keatsers Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra hawwe woansdeitejûn yn Minnertsgea harren sânde oerwinning op rige behelle. Yn de finale wûnen Van der Bos-en-dy ienfâldich mei 5-1 en 6-0 fan Bauke Triemstra, Dylan Drent en Hendrik Kootstra.

Foto: Henk Bootsma

Van der Bos, Triemstra en Steenstra wûnen yn de heale finale al mei 5-1 en 6-6 fan Enno Kingma, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar. Yn de oare heale finale wienen Bauke Triemstra-en-dy mei 5-5 en 6-0 te sterk foar it partuer fan Menno van Zwieten.

Froulju

It partuer fan Nynke Sijbrandij, Wiljo Sijbrandij en Marrit Zeinstra wûn de haadklassepartij by de froulju. Yn de finale waard ôfrekkene mei Ilse Tuinenga, Sjanet Wijnia en Manon Scheepstra, mei 5-1 en 6-2. De lytse preemje gie nei it partuer fan Elly Hofman, Marte Altenburg en Martzen Deinum. De priiswinners krigen alle trije in blauwe kaart fan skiedsrjochter Baarsma; sy wienen foar de finale alle trije net op 'e tiid op it fjild.

Foto: Henk Bootsma

Sân oerwinningen op rige

De oerwinning yn Minnertsgea wie de sânde op rige foar it partuer fan Gert-Anne van der Bos yn in frijeformaasjepartij. Dit is de yndrukwekkende rige:

  • 23 juny: Holwert
  • 24 juny: Berltsum
  • 29 juny: It Hearrenfean
  • 1 july: Harns
  • 8 july: Boalsert
  • 15 july: Ljouwert
  • 18 july: Minnertsgea
(advertinsje)