Wynjewâldster (18) krijt wurkstraf foar bedriging fia Instagram

In 18-jierige ynwenner fan Wynjewâld, dy't yn april in 16-jierrich famke fia Instagram mei de dea bedrige hie, hat woansdei in wurkstraf fan 120 oeren krigen.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Ek krige er fan de plysjerjochter in selstraf ûnder betingst fan twa moannen en hat er in kontaktferbod krigen. Boppedat mei er net yn it wenplak fan it famke komme.

Bedriging

Yn in live-útstjoering op syn Instagramkanaal hie er it famke bedrige mei in fjoerwapen, wylst er in bivakmûtse op hie. Hy die dat út lilkens oer in opmerking fan it famke op it sosjale mediaplatfoarm.
Neffens de jonge hat er gjin spyt fan syn aksje. Nei de útspraak fan de plysjerjochter waard er opnij oppakt, om't er earder dizze moanne de famylje fan it famke opnij bedrige hawwe soe.