De Reuzen sette poppeteäter yn Fryslân wer op de kaart

18 jul 2018 - 20:05

Grutte poppen fan wol fyftjin meter heech dy't troch tsientallen minsken hingjend oan touwen yn beweging set wurde. De Reuzen fan teäterselskip Royal de Luxe strune trije dagen yn augustus om yn Ljouwert. Minsken bliuwe der foar thús of komme út it hiele lân nei Fryslân ta om dit spektakel te sjen.

Nei ferwachting sille De Reuzen sa'n 400.000 besikers lûke. En dat is bysûnder, sjoen de populariteit fan marionette- en poppeteäter yn Fryslân al jierren ôfnimt. De subsydzjes binne stopset en bern groeie minder op mei poppespul. It kin dus samar wêze dat De Reuzen it poppespul wer op 'e kaart sette. Yn Fryslân is der noch wol poppeteäter te finen, ek al is it even sykjen.

Lapkes stof

Wa't oan poppeteäter yn Fryslân tinkt, kin net om Feike Boschma (1921-2014) hinne. De Fryske poppespiler en teätermakker hat de keunst fan it poppespul him yn de Twadde Wrâldoarloch eigen makke. Hy helle lapkes stof út in doaze fan syn mem, makke der poppen fan en beweegde se sa foar de spegel dat se liken te libjen. Mei syn poppespul waard hy letter wrâldferneamd.

poppespiler - Foto: Omrop Fryslân

Poppespiler Haye Bijlstra rekke al op jonge leeftiid ynspirearre troch Boschma en holp him ûnder oare mei Boschma's film 'Sjoch, dêr leit wat op 'e dyk'. Bijlstra woe lykas Boschma ek beropspoppespiler wurde, mar de tiid wie te ûnwis. Troch neist it poppespul ek te wurkjen, koe Bijlstra sels bepale wat hy wol en net die en betelle er alles sels. Sa hie hy it yn eigen hân en wie er net ôfhinklik fan subsydzjes. Mar om't Bijlstra yn it Frysk spilet en it publyk foar Frysk poppespul mar lyts is, wie it faak in soad wurk foar wat it opleveret.

It bruts Bijlstra op en hy hat syn lêste foarstelling alwer seis jier lyn spile. Al is syn leafde foar it poppespul net minder wurden. Mei in foarstelling dy't yn twa koffers past, hopet Bijlstra meikoarten wol wer op paad te gean om foar de Fryske leafhawwers te spyljen. ''Spylje foar folwoeksenen, dêr kin ik myn eigen aai better yn kwyt. It is noch moaier dan spyljen foar bern. Bern geane automatysk mei yn de fantasy fan de poppe. Mar as grutte minsken dêr emoasjes by krije, dan is dat geweldich.''

Marionetten

Yn de jierren '80 wie der in grutte fraach yn Nederlân nei marionetteteäter. Mar net folle keunstners koene sels de marionetten meitsje en bespylje. Marionettespilers Lucas Goudzwaard en Aad-Jan Coumou kamen út it westen fan it lân nei Fryslân ta, dêr't se de ôfrûne tritich jier wenne en spile ha. Mar trochdat se gjin subsydzje mear krije en de teäters dêrom net folle mear oan poppespul dogge, spylje se hast net mear yn Fryslân. De manlju fine it spitich dat no in soad bern net mear opgroeie mei poppespul. ''Dat is niet zo best! Het is toch jarenlang een traditie geweest dat kinderen verhalen zien waar figuren in bewegen. Magisch met die draadjes, want uit de verte zie je niet dat de poppen aan draadjes zitten en lijken ze echt te leven'', seit Lucas Goudzwaard.

Ek al hawwe de manlju gjin wurk mear yn Fryslân, se hâlde net samar op. Meikoarten ferhúzje se nei Frankryk; yn de rest fan Europa is wol in soad fraach nei marionetteteäter. ''Nederlanders willen toch graag een groot spektakel en in het buitenland zijn ze tevreden met kleinschalig vakmanschap'', fynt Aad-Jan.

Foto: Omrop Fryslân

Poppespiler Ingka van Fulpen pakt it wer oars oan. Sy makket poppekastfoarstellings foar bern oant acht jier en spilet in soad yn skoallen, biblioteken en bernedeiferbliuwen. Om't har doelgroep jonger is en se neist de poppekast ek bernefeestjes fersoarget, is der wol in soad wurk foar har.

Doe't se nei Fryslân ferhuze, moast se har wurk opsizze, mar al gau koe se fan it poppespul har wurk meitsje. En dat wie al jierren har passy. Neffens har steane de skoallen der noch wol foar iepen om bern mei poppespul yn kontakt komme te litten, al hawwe se dêr sels de middels net foar. ''Veel docenten vinden het ook moeilijk omdat je verschillende stemmetjes moet gebruiken en een verhaal moet bedenken. Het kost veel voorbereiding, maar ze waarderen het wel dat kinderen op die manier vermaakt worden.''

De Reuzen

De marionette- en poppespilers sjogge allegear út nei de komst fan De Reuzen nei Ljouwert. Ingka hat romte yn har aginda makke en ek Haye sil der alle trije dagen by wêze. Lucas en Aad-Jan hawwe se al ris earder sjoen en witte hoe grut en moai dat spektakel is. Dat se no yn Ljouwert komme, is neffens harren hiel bysûnder om't se foaral yn grutte stêden komme dêr't folle mear romte is.

De Reuzen stappe fan 17 oant 19 augustus om yn Ljouwert. De tiden en rûtes wurde in wike yn it foar bekend makke.

(advertinsje)