Natascha Ausma pakt sulver op EK mei Nederlânske judoploech

Judoka Natascha Ausma fan Lippenhuzen hat mei de Nederlânske judoploech woansdei in sulveren medalje behelle. Dat barde op it earste EK foar lanneteams yn it Russyske Jekaterinenburg. De Nederlânske judoka's moasten yn de finale mei 4-2 belies jaan tsjin Dútslân. Friezinne Ausma wûn har wedstriid yn de finale.
Nederlân wûn op it paad nei de finale fan Azerbeidzjan (4-2), Roemenië (4-3) en Frankryk (4-2). Dit ûnderdiel is op 'e Olympyske Spelen fan 2020 yn Tokio foar it earst olympysk.