Tûzenen sinnepanielen moatte Nij Smellinghe enerzjyposityf meitsje

18 jul 2018 - 19:20

By sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten wurdt noch foar de boufak begûn mei it pleatsen fan 9.000 sinnepanielen. Mear as in tredde komt op it dak te lizzen; de rest komt boppe it parkearterrein.

De sinnepanielen binne ûnderdiel fan it plan fan it sikehûs om yn 2030 enerzjyposityf te wêzen. Dat wol sizze dat it sikehûs mear enerzjy leveret as it brûkt. De oanlis fan de sinnepanielen moat yn desimber klear wêze.

(advertinsje)
(advertinsje)