Fertraging tusken Ljouwert en Zwolle fanwegen oanriding
Treinreizgers tusken Ljouwert en Zwolle moatte woansdeitejûn rekken hâlde mei fertraging. Troch in oanriding mei in persoan ride der gjin treinen tusken Zwolle en Meppel.
De ekstra reistiid kin neffens de NS oprinne ta in oere. Nei alle gedachten binne de problemen om njoggen oere hinne oplost.