Archeologysk ûndersyk by sloopt Boumapân yn Snits los

Archeologen binne woansdei los gien mei it ûndersyk op it plak fan it eardere Boumapân yn Snits, oan de râne fan de binnenstêd. It is neffens de ûndersikers in unike kâns, om't it by it plak is dêr't earder de Oosterpoort stie.
© Gemeente Súdwest-Fryslân
De sloop fan it eardere Boumapân oan de râne fan it sintrum soarget derfoar dat archeologen de kâns hawwe ûndersyk te dwaan nei dit unike plak. Se ferwachtsje yn elts gefal spoaren te finen út de achttjinde of de njoggentjinde iuw, mar mooglik sels noch âlder.
"Misschien zelfs wel uit de IJzertijd-Romeinse tijd, ongeveer 2000 jaar geleden", sa seit gemeentlik archeolooch Yvonne Boonstra. "Want vlakbij deze plek is eerder serviesgoed uit die periode gevonden." De archeologen ferwachtsje net dat se resten fine kinne fan de Oosterpoort sels. Dy leit dêr eins krekt wat te fier fanôf. Wol tinke se de âlde dyk tsjin te kommen.
© Gemeente Súdwest-Fryslân
Op de earste dei waard allinnich noch mar in pipekop fûn, mar de ferwachting is dat der de kommende dagen mear fynsten oan it ljocht komme. Earst wurdt mei help fan in proefslúf besjoen hoe djip der noch rêsten te finen binne. Alles ûnder in meter djip wurdt yn prinsipe mei rêst litten, om't de nijbouplannen op dit plak ek net djipper as in meter komme.
© Gemeente Súdwest-Fryslân