Sâlt struie yn de simmer? Mooglik yn Boalsert

It klinkt apart, mar de gemeente Súdwest-Fryslân tinkt nei om mei de hege temperatueren fan de lêste dagen sâlt te struien op de diken. It giet om plakken dêr't krekt in nije slytlaach oanbrocht is, lykas op it asfalt fan de Snekerstraat en de Harlingerstraat yn Boalsert.
© Rudy Bouma
As de temperatuer te heech oprint, bestiet de kâns dat de stienlaach te djip yn de tarre drukt wurdt. Dat kin soargje foar glêdens. Mei it sâlt wurdt dat tsjingien.

Stofwolken

De waarmte soarget dochs al foar problemen. Yn de slytlaach sitte net allinnich stientsjes, mar ek in soad stof. As der auto's troch de strjitten rieden, soarge dat foar grutte stofwolken, dy't lang hingjen bleaunen. De gemeente hat besocht dat tsjin te gean troch wetter oer de dyk te sproeien, mar dat hat mar in bytsje holpen.