Fertochte fan deade Hegemer bekent

18 jul 2018 - 15:41

De 52-jierrige Jouster dy't fertocht wurdt fan it deadzjen fan de 56-jierrige boekhâlder Hans Boschma út Heech, hat neffens de offisier fan justysje koartlyn in bekentenis ôflein. Dat is woansdei dúdlik wurden by de pro formabehanneling fan de saak.

Foto: CAMJO Media

Oant no ta hie de Jouster hieltyd ûntkend dat hy wat mei de saak te meitsjen hie. Dat is no feroare, hy hat no oanjûn dat hy himsels ferdigenje moast. Neffens syn advokaat wie de saak al sa goed as rûn, doe't syn kliïnt mei dizze ferklearring kaam.

De plysje moat de ferklearring no noch neirinne. Dêrfoar is oanfoljend ûndersyk nedich nei de spoaren dy't fûn binne yn de wenning fan it slachtoffer, op de hoeke fan de Molefinne en de Reidfinne yn Heech. Dêr waard Hans Boschma op 6 febrewaris dea oantroffen.

Twa moannen letter waarden de Jouster en in 28-jierrige Ljouwerter oppakt. De Ljouwerter is yntusken wer frij, mar hy bliuwt neffens it Iepenbier Ministearje wol fertochte. De Jouster bliuwt fêstsitten. In fersyk fan syn advokaat om him foarearst frij te litten, is ôfwiisd.

Jild soe motyf wêze

Jild soe in motyf wêze kinne foar it deadzjen fan Boschma. Boschma behearde de neilittenskip fan de ferstoarne heit fan de Ljouwerter. De heit fan de Ljouwerter en it slachtoffer wienen neven. De Jouster wurdt beskuldige fan 'moord in vereniging'. Hy soe it slachtoffer mei in strik smoard hawwe.

De ynhâldlike behanneling fan de saak stiet pland yn oktober. De offisier hâldt noch wol in slach om de earm, omdat noch net bekend is wat der út it oanfoljend ûndersyk komt.

(advertinsje)