Nije spiler foar SC Hearrenfean: middenfjilder Rodney Kongolo

18 jul 2018 - 15:18

Sportklup Hearrenfean hat in nije middenfjilder. It giet om de 20-jierrige Rodney Kongolo, dy't oerkomt fan de Ingelske topklup Manchester City. Hy tekenet in kontrakt foar fjouwer seizoenen op It Hearrenfean.

Foto: SC Heerenveen

Rodney Kongolo is berne yn Rotterdam en spile oant 2014 by de jeugd fan Feyenoord. Op 16-jierrige leeftiid stapte hy oer nei Manchester City. Neffens technysk manager Gerry Hamstra wurdt op dit stuit it papierwurk regele, dêrnei kin Kongolo oan de slach. Hy wurdt omskreaun as in goeie allround middenfjilder, dy't op ferskate plakken spylje kin.

(advertinsje)