Metamorfoaze yn wenwyk Hylpen
De folkswyk Stadsweide yn Hylpen hat in metamorfoaze ûndergien. De ferâldere wyk is yn twa jier tiid foar miljoenen opknapt. De 42 fertutearze hierwennings binne sloopt. Der binne 55 hier- en keapwennings foar weromkaam.
Wenningkorporaasje Woon Friesland hat de stedsfernijing fan Hylpen fan 15 miljoen útfierd. It âlde stedsgesicht fan de havenstêd tsjinne dêrby as foarbyld. De offisjele oplevering fan Stadsweide wie freed.