Boeren moatte gearwurkje om Frysk readbûnte kij te rêden

De Frysk readbûnte kij kinne allinnich rêden wurde as boeren yn Nederlân gearwurkje. Dat is konkludearre út de earste offisjele brainstoarm oer it behâld fan it ras. Boeren en oare nijsgjirrigen kamen koartlyn op de byienkomst ôf om te sjen of de ideeën, dy't ûnder oare troch in oprop by Omrop Fryslân binnen kamen, útfierber binne.
De brainstoarm wie organisearre troch de Stichting Behoud Roodbont Fries Vee. De wichtichste konklúzje neist it gearwurkjen is dat der in fertsjinmodel nedich is, om te soargjen dat de kij jild opsmite. En sille de mooglikheden om mear mei it fleis en de molke fan it ras te dwaan fierder ûndersocht wurde.
brainstoarm © Omrop Fryslân
Beleefbuorkerij
Op de opsje om in beleefbuorkerij op te setten dêr't de konsumint yn kontakt komme kin mei it Frysk readbûnte ras waard goed reagearre. Skieppeboer Wiepke Lam besiket ek in fertsjinmodel te meitsjen foar de seldsume kij. Hy wol it idee fan in beleefbuorkerij breder lûke, sadat it net by ien as twa beleefbuorkerijen bliuwt.
Sa'n buorkerij kin neffens him oeral yn it lân, al giet net om de buorkerij sels mar dat it ras rêden wurdt. Neffens Lam kin dat mei in koöperaasje tusken alle boeren mei Frysk readbûnte kij. Oan de molke fan de kij kin dan bygelyks mear fertsjinne wurde, as de boer it sels oan it reguliere fabryk leveret, seit er. "It is Frysk, bysûnder, streekeigen. Dêr kinst in soad mei berikke."
Beleefsintrum
Ondanks dat we in Groningen zitten, vinden we deze koeien prachtig. Het is de mooiste koe die er is.
Sandra Woldring
Kij fan de takomst
Sandra Woldring út Haren wie mei har man ek by de byienkomst. It pear hat in soad yn it nijs west, om't der mooglik sprake is dat se troch de nije fosfaatregels de helte fan harren bisten nei de slacht bringe moatte. Se ha it grutste tal Frysk readbûnte kij fan Nederlân. Foar Woldring is de readbûnte ko de ko fan de takomst.
"De koe heeft een lange leeftijd, gebruikt weinig krachtvoer, is duurzaam en dat is wat er gevraagd wordt. Doordat de koe eigenlijk volledig van gras zonder kunstmest kan leven, is er ook een lage fosfaat." Dat is hielendal yn de takomst nedich mei de feroarjende fosfaatregels en de ûndúdlikens oer hoe om te gean mei seldsume rassen sa as de Frysk readbûnte kij. De boeren woene in útsûnderingsposysje foar harren kowerassen yn de fosfaatregeling, mar de minister seit dy net jaan te kinnen.
Jeltsje
Wat der ek noch spilet, is ús Jeltsje it Frysk readbûnte kealtsje. Se is hast trije moanne lyn berne op de buorkerij fan Jaring Brunia. Heech tiid om te sjen hoe't it no mei har giet.
Hoe is it no mei Jeltsje?