FIDEO: 'Knutselje' by de tariedingen fan de Paardendagen Driezum en Wâlterswâld
De Paardendagen fan Driezum en Wâlterswâld binne al jierren in begrip yn de omjouwing. Takom wike sette se wer útein, mar no al binne se dêr smoardrok mei it bouwen fan de hindernissen. En dêr komme ek in soad prachtige blommen by.
Op it program stiet sels in foarpriuwke fan it muzikale teäterspektakel De Stormruiter. Op 28 july op de Boeredei komme haadrolspilers Jelle de Jong en Annemaaike Bakker, mei de Fryske hynders en har trainers Jan en Susan Bouwman om it publyk in foarpriuwke te jaan.