Laas Pieter van Straten ien wedstriid skorst

18 jul 2018 - 13:00

Keatser Laas Pieter van Straten is foar ien wedstriid skorst. Dêrneist krijt hy ek twa wedstriden ûnder betingst. Dêrtroch kin hy yn alle gefallen keatse op de PC fan 1 augustus. De strafkommisje fan it keatsbûn hat dit oan Van Straten meidield.

Van Straten krige 1 july by it haadklassekeatsen yn Harns in reade kaart. Hy keatste mei in want sûnder goed stimpel. Alle keatsers moatte mei in want keatse dy't goedkard is troch in wantekommisje fan it keatsbûn. De wantekommisje seach dat de want net goedkard wie en joech dat troch oan skiedsrjochter Marinus Grond. Dy joech dêrnei de reade kaart.

Van Straten gong der fan út dat syn want goed wie. Hy hie de want dyselde wike ophelle by wantemakker Reinder Triemstra. Yn 2010 waard der foar it lêst it reade kaart útdield yn de haadklasse oan Martijn Olijnsma.

(advertinsje)