Drokte foar Feilichheidsregio mei tal fan simmereveneminten

18 jul 2018 - 12:33

It is dizze simmer 'koade read' foar de Feilichheidsregio, want it is smoardrok mei eveneminten yn Fryslân. No bart der simmerdeis al fan alles yn Fryslân, lykas it Skûtsjesilen of de Snitswike. Mar yn dit Kulturele Haadstêdjier is it ekstra drok en fynt in soad tagelyk plak.

Foto: Arthur Smeets

Al in jier dwaande

Begjin augustus binne de Tall Ships Races yn Harns en yn itselde wykein is it Snitswike. Twa wiken letter komme De Reuzen nei Ljouwert, mar is hjir ek it Psy Fi festival én swimt Maarten van der Weijden de Alvestêdetocht. De Feilichheidsregio Fryslân is al in jier dwaande mei de tariedingen foar dizze drokke simmer. Se oerlizze mei gemeenten, organisaasjes fan eveneminten en oare helptsjinsten.

Royal de Luxe Reuzen - Foto: Royal de Luxe, Serge Koutchinsky

Kin de ambulânse der komme?

By hiele grutte eveneminten wurdt in dei yn it foar it terrein of gebiet kontrolearre. "Ik besjoch dan bygelyks oft in EHBO-post grut genôch is en oft in ambulânse der goed komme kin", fertelt Sandra van der Ploeg fan Feilichheidsregio Fryslân. En se sjogge oft der genôch EHBO'ers ynset wurde.

Koade read

Van der Ploeg seit gjin sinjalen te hawwen dat se it net oankinne. "We hawwe al hiel fier yn it foar de organisaasjes op it hert drukt om op 'e tiid EHBO'ers te regeljen, just omdat der dizze simmer safolle eveneminten binne.'"

Froukje de Vries, adviseur krisisbehearsing Feilichheidsregio

(advertinsje)