Boalserter jeugd krijt wer eigen plak

De Boalserter jongerein fan 12 oant 17 jier krijt op 'e nij in eigen plak. Jongereinsintrum Afslag 18 komt yn it gebou oan de Boargemaster Praamsmaleane 32.
© Google Streetview
It gebou wie oant novimber ferline jier ek al yn gebrûk as jongereinsintrum, mar moast ticht en makket no in trochstart. Dat is mei mooglik makke troch de kristlike gemeente Het Keerpunt, dat it jongereinsintrum earder yn de wykeinen hierde. It miste de fasiliteiten fan it gebou en hat mei de gemeente Súdwest-Fryslân om tafel sitten.
Troch de wike wurdt it tenei in regulier jongereinsintrum, yn de wykeinen wurdt it troch Het Keerpunt brûkt foar jongeretsjinsten. It sintrum wurdt op 21 septimber iepene.