Extreme ironing: Friezen beklimme berch Olympus

18 jul 2018 - 12:08

Mei in strykplanke en strykizer op 'en paad om de berch Olympus, mear as 2700 m heech, yn Grikelân te beklimmen: dat is Extreme Ironing. Friezen Simon Friso (Donkerbroek) en Francis Koolstra (Frjentsjer) gongen de útdaging oan en claimden de berch foar Fryslân. Dêr wolle wy fansels mear oer witte.

Simon Friso op de Olympus oan it Extreme Ironing - Foto: Simon Friso

Foar de minsken dy't net witte wat it is: wat is Extreme Ironing?

"Extreme ironing is in ekstreme sport dy't al inkelde tsientallen jierren âld is. De bedoeling is dat je mei in strykplanke en strykizer nei in ekstreme lokaasje geane om dêr te striken. Dat hoecht net op in berch, sa as wy dien hawwe, mar dat kin bygelyks ek ûnder it parasjutespringen, as je ûnder wetter oan it dûken binne, of wat dan ek mar. As it mar op in ekstreme lokaasje is."

Hoe is it idee ûntstien om hjir oan mei te dwaan?

"Myn kammeraat liet my in ôfbylding sjen fan ien dy't oan 'extreme ironing' die en ik wie op slach ferkocht. Ik hâld der wol fan om écht dingen te ûndernimmen, yn stee fan der allinnich mar oer te praten en te dreamen. Hy ek, die bliken. Nei in wike of twa hie hy der mear oer opsocht en hawwe wy de fleantickets boekt. Hy wist nammentlik wol in moaie lokaasje: de Olympus yn Grikelân. Dat like my in prima idee!"

Hoe hawwe jimme alles nei boppen krigen?

"Wy hawwe it guod helle yn Thessaloniki, nei in hiel skoft sykjen. Francis hie de strykplanke tusken syn rêchsek en syn rêch yn, ik hie it strykizer op myn tas bûn. It wie benammen foar Francis in ynteressant stik rinnen nei boppen. Ek om't de paden bytiden flink krap wiene. Somtiden sels mei in ôfgrûn of mei beammen dêr't hy tsjinoan kaam. Al hie hy al gau troch hoe breed hy wie, wêrtroch't hy him gau troch de omjouwing manoeuvrearje koe."

Francis mei de strykplanke ûnderweis nei de top fan de Olympus - Foto: Simon Friso

Wat strykt no it noflikst op sa'n berch?

"In hearlik knûkelich oerhimd dat dagen yn de tas fan Francis treaun siet. Dy kaam prachtich ûnder it strykizer wei."

Wat fynt jimme mem derfan en wêr stiet de strykplanke no?

"Us mem fûn it machtich. Se hie der gjin muoite mei. Se fertelt it wolris oan freonen of famylje, dat smyt moaie reaksjes op. Eins moasten alle minsken dy't wy tsjinkamen laitsje om it tafriel. Ast mei sa'n aksje minsken in glimkje besoargje kinst, dan is dat dochs fantastysk? Ast dan ek noch minsken ynspirearje kinst om gewoan lekker te dwaan watst leuk fynst, dan is dat hielendal top! En de strykplanke? Dy hawwe wy sinjearre en fuortjûn oan in freon dy't ús dêr in soad holpen hat. Dy planke hinget no yn it hostel dêr't hy wurket. Hy woe wol hantekeningen derop. Foar it gefal dat wy letter ferneamd en miljonêr wurde soene."

De strykplanke yn it hostel dêr't de jonges sliepten - Foto: Simon Friso

Hawwe jimme noch tips foar begjinners?

"Ja: in bytsje sinten sparje, goede stampers oanskaffe, foar it gefal ast ek in berch op wolst, en der gewoan foar gean! Der is neat moaiers as wat dwaan dêr't je lokkich fan wurde, ek al sjocht it der idioat en ûnnedich út. Dat wie it nammentlik ek, mar wy hawwe der bulten lol oan belibbe."

Komt der noch in diel twa? Of bliuwt it by dizze aksje?

"Wa wit. Wy hawwe it wol al ris oer Yslân hân. Op in aktive fulkaan strike, miskien is dat wol wat. Earst mar wer efkes oan de stúdzje en wat sinten sparje."

Simon Friso

(advertinsje)