Wetterskip: mooglik komt der in bereiningsferbod foar gerslân

18 jul 2018 - 12:01

Mooglik komt der nije wike in bereiningsferbod foar gerslân yn de provinsje Fryslân. Dat sei Pier Schaper, boezembehearder fan it Wetterskip, woansdei by de start fan in nije ynspeksje fan de kaden yn de provinsje.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Fanwege de drûchte ynspektearret it Wetterskip op 'e nij de 600 kilometer oan kaden yn it feangebiet. Yn Lelystêd fiert Rykswettersteat woansdei lanlik krisisoerlis oer de drûchte en de gefolgen dêrfan.

De njoggen wetterskippen dy't wetter út de Iselmar krije, prate tongersdei mei inoar oer de gefolgen fan de drûchte. It giet dan om de oanfier fan wetter út de Iselmar. De mar wurdt op it stuit op peil hâlden troch de oanfier fan wetter út de grutte rivieren. Mar dat nimt troch de oanhâldende drûchte no rap ôf.

Koade giel

Yn ferbân mei de oanhâlden drûchte hat de Landelijke Coördinatiecommissie Waterverdeling koade giel ôfkundige. It delslachtekoart rint de kommende perioade wierskynlik op nei 266 milimeter. Dat is fergelykber mei it rekôrjier 1976.

Om de mar op peil te hâlden wurdt, sa't it no liket, fan takom wike ôf minder wetter de Fryske boezem ynlitten. Om minder wetter te brûken is in bereiningsferbod dan needsaaklik, seit Schaper. It beslút dêroer falt nei alle gedachten fuort nei kommend wykein.

Wetterkwaliteit

Omdat it sa drûch is, nimt de wetterkwaliteit ek ôf. Rykswettersteat en de wetterskippen roppe dêrom op om allinnich te swimmen op offisjele swimlokaasjes, dêr't de wetterkwaliteit goed genôch is. De ferwachting is dat de wettertemperatuer de kommende wike fierder tanimme sil en dat de kwaliteit dêrmei fierder ôfnimt. Op de website zwemwater.nl is te sjen hoe't it der foar stiet mei de wetterkwaliteit op populêre swimplakken.

Pier Schaper, boezembehearder fan it Wetterskip

Pier Schaper, boezembehearder fan it Wetterskip

(advertinsje)