Plysje Ljouwert warskôget foar ynbrekkers

De plysje yn Ljouwert warskôget foar ynbrekkers yn de VFlietsône en Ald East yn Ljouwert. Neffens de plysje falt it op dat dêr de ôfrûne dagen meardere ynbraken west ha. Ynbrekkers profitearje der fan dat minsken mei it moaie waar de doarren faker iepen litte.
Foarbyldfoto fan in wenningynbraak © Shutterstock.com

Wapenstôk

De plysje hat tiisdeitejûn in wapenstôk yn beslach naam. In man hie by in fjochtpartij yn de Theodorus Beekhuisstrjitte yn Wurdum mei it wapen drige. Nei't de plysje de fjochtersbazen fan inoar skieden hie, is de man mei it wapen oanhâlden. De plysje stelt in ûndersyk in.

Lûdsoerlêst

In 48-jierrige bewenner fan de 4e Saskiadwersstrjitte is oanhâlden foar it feroarsaakjen fan lûdsoerlêst en it misledigjen fan de plysje. Doe't de plysjes de man op de lûdsoerlêst oansprutsen, begûn hy harren fuortendaliks út te skellen. De Ljouwerter is meinaam nei it buro.

Gjin rydbewiis

In 19-jierrige automobilist út Ljouwert is tiisdei oanhâlden om't hy gjin rydbewiis hie. De Ljouwerter waard op de Nijlânsdyk oan de kant set. It wie de twadde kear dat hy trappearre waard. Mocht dat nochris barre, dan is de man syn auto kwyt. In 42-jierrige brommerrider út de stêd waard tiisdeitejûn foar itselde fergryp oanhâlden op de Bleekleane.