Iepenloftspul Rêdbâd spilet takom jier ekstra foarstellingen

Fanwege de grutte belangstelling wurdt it iepenloftspul Rêdbâd takom jier noch trije kear opfierd. Yn maaie 2019 binne de folgjende data reservearre: freed 31 maaie en sneon 1 juny.
© Omrop Fryslân
It iepenloftspul is dit jier acht kear spile yn juny en july en wie folslein útferkocht. It waard opfierd yn de teätertún yn Broeksterwâld.
It stik fertelt it libbensferhaal fan de Fryske kening Redbad. Hy rekket befreone mei Hadegrim, de ferteller fan it ferhaal. It wurdt syn bêste freon, syn bloedfreon. Tegearre begjinne se plannen te meitsjen om Fryslân grutter, better en sterker te meitsjen.
Alles witte oer de iepenloftspullen yn Fryslân? Sjoch dan op Omrop Fryslân's spesjale iepenloftspulside. Hjir fynst eksklusive filmkes, artikels, neibeskôgingen en fansels praktyske ynformaasje oer de moaiste iepenloftspullen fan 2018.
© Teatertún Broeksterwâld