Provinsje hâldt soarch oer retail sintrum Ljouwert by Cambuurplannen

18 jul 2018 - 10:51

De provinsje bliuwt soarch hâlden oer de takomst fan de detailhannel yn it sintrum fan Ljouwert as de gebietsûntwikkeling fan it WTC-gebiet trochgiet. Dat sei deputearre Klaas Kielstra woansdei by de gearkomste fan Provinsjale Steaten.

Foto: Omrop Fryslân

Tiisdei waard bekend dat de provinsje fiif miljoen euro reservearje wol foar de ûntwikkeling fan it gebiet. Dat nei oerlis mei de gemeente Ljouwert. It kin net sa wêze dat de detailhannel yn it sintrum ûnder druk komt te stean. Mei De Centrale hat de stêd ek al in grut winkelgebiet bûten it sintrum fan de stêd.

Kielstra neamt it WTC-projekt wol 'bovenregionaal'. De fiif miljoen euro is in reservearring. Kielstra tinkt net dat dit hiele bedrach ynvestearre wurde sil. Hy tinkt dat dit 3,75 miljoen euro wêze sil. Nei de simmerfakânsje komt it kolleezje fan Deputearre Steaten mei in útwurke útstel. Dêrnei sille de Provinsjale Steateleden dêroer stimme moatte.

As ROC Friese Poort der dochs útstapt, dan stiet de 'dochs al wankele finansiering fan it projekt' noch faaier, neffens Kielstra. ROC Friese Poort wol foar 20 july witte oft der yn 2021 sprake wêze sil fan in nij Cambuurstadion.

Andries Bakker oer it Cambuurstadion

Andries Bakker oer it Cambuurstadion

(advertinsje)