Polityk Almere hurd oer fuortgean Jannewietske de Vries: "Een paar jaar zakkenvullen en weer verder"

18 jul 2018 - 10:44

It fuortgean fan Jannewietske de Vries as direkteur fan de Floriade 2022 yn Almere, smyt dêr in soad reaksjes op. Tiisdei waard bekend dat De Vries de nije boargemaster wurdt fan de gemeente Súdwest-Fryslân.

Foto: Floriade

Floriade-schip stuurloos

Foar de D66-fraksje yn Almere reden om foar tongersdeitejûn in ynterpellaasjedebat oan te freegjen. ''Wat zijn de consequenties van haar vertrek voor de Floriade BV?'' wol de fraksje witte. De PVV-fraksje is in stik hurder yn it oardiel. ''Raad van commissarissen en directeur laten zinkend Floriade-schip stuurloos achter. Een paar jaar zakkenvullen en weer verder. Almere draait op voor de kosten'', seit de fraksje.

Ferline wike stapte de folsleine ried fan kommissarissen fan de Floriade op. Neffens de tafersjochhâlders wie harren opdracht troch in koerswiziging yn it belied signifikant feroare. Earder al stapte wethâlder Tjeerd Herrema op. Hy hie út namme fan de gemeente de Floriade yn portefúlje.

Jannewietske is een Friezin in hart en nieren en we gunnen het haar van harte.

Floriade

De Floriade BV sels neamt it fuortgean fan De Vries spitich, mar wol te begripen. ''Zo'n kans komt maar één keer in de zoveel jaar voorbij. Jannewietske is een Friezin in hart en nieren en we gunnen het haar van harte'', seit wurdfierder Jacqueline Stokman.

Foar de organisaasje fan it grutte evenemint sil it opstappen fan De Vries neffens Stokman gjin gefolgen ha. ''Er is nog 3,5 jaar te gaan, genoeg tijd om een nieuwe directeur te vinden en in te werken. De basis is goed, die staat.''

(advertinsje)
(advertinsje)