LIVEBLOG: Provinsjale Steaten beslute oer wynpark Nij Hiddum-Houw

18 jul 2018 - 10:06

Nei jierren fan diskusje is it woansdei safier: de polityk nimt it definitive beslút oer de komst fan njoggen mega-wynmûnen by de kop fan de Ofslútdyk, wynpark Nij Hiddum-Houw. Trije wiken lyn soe der al in beslút falle, mar dat waard doe útsteld om in tal saken nochris goed tsjin it ljocht te hâlden.

Tsjinstanners sizze dat de komst fan dizze wynmûnen skealik is foar harren sûnens en wengeniet. Ferslachjouwer Andries Bakker is by de gearkomste yn Provinsjale Steaten en docht yn dit liveblog ferslach fan de beslútfoarming.

15:03
Stapke fierder yn wynenerzjy-opjefte

De provinsje is mei in posityf beslút oer de komst fan wynpark Nij Hiddum-Houw wer in stap fierder yn de ôfspraak mei it Ryk om yn 2020 530,5 megawatt wynenerzjy op te wekken. Wynpark Nij Hiddum-Houw stiet foar 36 megawatt, it wynpark by Makkum yn de Iselmar moat 316 megawatt opwekke. De rest fan de megawatts moat komme út besteande wynmûnen op it plattelân.

Oant sa fier dizze blog. Mocht de stimming jûn noch ferrassende saken opsmite, dan lêze jo dat hjir. Betanke foar it folgjen!

15:00
Omwenners teloarsteld fuort

De omwenners fan it takomstige wynpark Nij Hiddum-Houw binne woansdeitemoarn al teloarstel fuortgien. Fan 8.30 oant 10.00 oere ha se mei it spandoek DEMOCRATIE BEDANKT by de yngong fan it provinsjehûs stien en om 11.00 oere binne se fuortgien.

15:00
Stimming pas letter op de dei

De stimming fynt dus letter op de dei plak. Noch net dúdlik wannear.

14:53
Debat oer Nij Hiddum-Houw dien

It debat oer de komst fan wynpark Nij Hiddum-Houw is dien. De stimming is oan de ein fan de gearkomste. Nei alle gedachten sil dat woansdeitejûn wêze. Mar sa't it no liket stipet in mearderheid fan Provinsjale Steaten it útstel fan it kolleezje fan Deputearre Steaten. Dat binne de kolleezjepartijen CDA, VVD, FNP en SP. Ek de Christen Unie hat al sein akkoart te gean mei it lêste útstel.

Dat hâldt yn dat der legere mûnen komme (tiphichte mûnen 188 meter en net 208 meter), in bettere kompensaasjeregeling foar de buert (makliker partisipearje kinne yn it park) en in sa optimaal mooglike monitoaring fan sûnensklachten fan omwenners troch GGD en RIVM. Der komt in meldpunt foar minsken dy't klachten krije troch de mûnen. Fierder sil deputearre Kielstra besjen oft der wat oan de ferljochting fan de mûnen dien wurde kin, sadat minsken dêr minder lêst fan krije sille.

13:56

Andries Bakker folget it debat yn de Steaten

13:57

Andries Bakker folget it debat yn de Steaten

13:45
Net wer yn Hiddum-Houw

Deputearre Klaas Kielstra seit dat der yn de takomst gjin nije inisjativen op dit plak makke wurde sille. Dus it bliuwt by de njoggen wynmûnen yn wynpark Nij Hiddum-Houw.

13:32
Folslein draachflak net mooglik

Der leit in akseptabel plan dat temjitte komt oan de omjouwing. In part fan de befolking bliuwt tsjin. "Dat moat ik akseptearje", seit deputearre Klaas Kielstra, dy't seit der alles oan dien te hawwen om draachflak te krijen yn de omjouwing. De deputearre krijt foaral fan opposysjepartijen krityk dat er te min dien hat om dat draachflak yn de streek grutter te krijen.

13:24
Kielstra wol sjen nei alternative ferljochting

Deputearre Klaas Kielstra wol sjen nei alternative ferljochting fan de wynmûnen, dy't minder skealik is foar sûnens fan omwenners. Dy ferljochting moat wol in wetlike basis ha. Ferljochting fan de wynmûnen fan hast twahûndert meter heech moat, oars sjogge de fleantugen se net stean as it tsjuster is.

12:41
Skoft wer dien

Nei trije kertier skoft geane de steaten wer fierder. Deputearre Klaas Kielstra begjint mei syn taljochting op it oanpaste plan en fragen fan Provinsjale Steaten.

12:20
PvdD: harkje no nei omjouwing!"

Fraksjefoarsitter Rinie van der Zanden fan de Partij voor de Dieren snapt net dat der net better harke wurdt nei de omwenners fan it wynpark. "De omwonenden zijn niet tegen windenergie, maar tegen megamolens", seit Van der Zanden. Fan in pleatslik lânskip wurdt in yndustryterrein makke. Van der Zanden wol legere wynmûnen om omwenners rjocht te dwaan. Frou Van der Zanden hat in knoop yn de mage.

12:07
SP hat soarch oer sûnens

De SP hat wol soarch oer de sûnens fan de omwenners nei de komst fan de wynmûnen. Der komt in ûnôfhinklik meldpunt foar minsken dy't sizze dat de wynmûnen harren sûnens skeine sil. Dat is foar de partij hiel wichtich, seit fraksjefoarsitter Fenna Feenstra.

12:04
Christen Unie stipet kolleezje

Christen Unie kin mei de tasizzings yn de brief fan Deputearre Steaten libje. Departij sil it útstel fan de provinsje dus folgje. Dêrmei krije de kolleezjepartijen stipe fan yn alle gefallne ien opposysjepartij. Wol seit fraksjefoarsitter Wiebo de Vries dat 'hoe leger de mûnen wurde hoe better de partij it fynt'. De Vries hat ek in yngreven oprop oan it kolleezje om doarpsmûnen yn de takomst wol ta te stean.

11:57
FNP stipet oanpassings yn plan wynpark

FNP kin libje mei de oanpassings dy't it kolleezje dien hat yn it útstel: finansjele kompensaasje buert heger, makliker partisipearje kinne yn it wynpark, legere wynmûnen en mear oandacht foar de sûnens fan de omwenners.

11:54
50Plus tsjin ynrjochtingsplan

50Plus bliuwt tsjin it ynrjochtingsplan foar de wynmûnen by Nij Hiddum-Houw. Alternativen moatte better ûndersocht wurde, stelt Waterlander fan 50Plus.

11:49
50Plus fernuvere oer proses

Fraksjefoarsitter Jan Waterlander fan 50Plus is fernuvere dat der yn trije wiken noch sa folle oanpassings yn it belied mooglik west ha, wylst der al jierren oer it plan sprutsen wurdt. Waterlander seitit ek teloarstellend te finen dat de omjouwing sa min meinommen is yn dit proses.

11:42
VVD stimt foar útstel kolleezje

De sûnensrisiko's binne net sadanich dat it park der net komme kin, seit fraksjefoarsitter Avine Fokkens fan de VVD. Fokkens leaut net sa yn it kreeëren fan draachflak by it pleatsen fan wynmûnen. It beslút op dit park te pleatsen, is al yn 2014 nommen. "Wie A zegt, moet ook B zeggen", seit Fokkens.

11:32
Fûle diskusje rekket Avine Fokkens fan de VVD

De fûle ynstjoerde stikken yn de krante en petearen op readio en tillefyzje reitsje fraksjefoarsitter Avine Fokkens fan de VVD persoanlik. Se ropt op it debat mei respekt te fieren. "Ek dat is demokraty", seit se. Se fynt it spitich dat guon minsken harren net heard fiele yn de diskusje oer de wynmûnen by Hiddum-Houw.

11:23
VVD wol trochpakke

Fraksjefoarsitter Avine Fokkens fernuveret har der oer dat der yn 2014 eins kwealik diskusje wie oer de hichte fan de wynmûnen. Doe foel úteinlik al in beslút om sokke hege mûnen by Nij Niddum-Houw te pleatsen.

11:17
PVV wol wachtsje op nije ûndersiken

PVV wol wachtsje op nije ûndersiken oer it ferbân tusken hege wynmûnen en de sûnensgefolgen foar omwenners. RIVM basearret him op rapporten út it ferline. Dy binne net mear represintatyf, neffens Steatelid Harrie Graansma fan de PVV.

11:10
Grien Links: der binne bettere alternativen

Wynpark Nij Hiddum-Houw hat gjin draachflak by de omwenners, seit Van der Honing. Legere wynmûnen en oare alternativen binne mooglik. Hy neamt op 'e nij it foarbyld oer de doarpsmûne fan Reduzum. Dêr is draachflak foar in nije mûne, mar dat mei net. As de mûnen dan dochs in tiphichte fan 188 meter krije, dan binne der ek alternativen foar in ferljochting dy't minder skealik foar de omjouwing is, seit Van der Honing.

10:48
Grien Links: legere wynmûnen makket draachflak net heger

Grien Links wolle tiphichte wynmûnen net heger ha as 149 meter. Ek 185 meter is noch te heech, seit Steatelid Retze van der Honing.

10:45
CDA stipet kolleezje-útstel

It CDA stipet it útstel fan it kolleezje fan Deputearre Steaten. Dat útstel hâldt yn dat de wynmûnen dus krekt wat lytser wurde, dat de finansjele kompensaasje foar de buert heger wurdt en dat GGD en RIVM de sûnensrisiko's goed yn de gaten hâlde.

10:42
GGD en RIVM ekspêrs foar sûnensûndersyk

It CDA is bliid dat RIVM en GGD de sûnensrisiko's kontrolearje wolle. Dêrby brûkt it RIVM ek kontinu ynternasjonale ûndersiken, sadat de ynstânsjes 'up to date' binne ynsake wynpark Nij Hiddum-Houw, neffens frou Teernstra.

10:41
CDA bliid mei legere mûnen

It CDA trapet it finaledebat oer wynpark Nij Hiddum-Houw ôf. Fernande Teernstra seit bliid te wêzen dat de wynmûnen yn alle gefallen leger wurde. De tiphichte fan de wjukken sil fan 208 nei 188 meter sakje.

10:04
Foto: Omrop Fryslân, Andries Bakker
(advertinsje)