Histoarysk tuorke Ljouwerter Blokhúspoarte krijt plak yn nijboubuert

18 jul 2018 - 09:28

It histoaryske tuorke, dat lang by de yngong fan de Blokhúspoarte yn Ljouwert stien hat, ferhuzet nei in nijbouwyk. It krijt in plakje yn it Ljouwerter buorskip De Klamp, dat ynspirearre is op Fryske doarpen en ek in sintraal doarpspleintsje hat. Dat litte boargemaster en wethâlders witte, nei oanlieding fan fragen fan PAL GrienLinks.

Foto: Google Streetview

It tuorke waard ûntwurpen troch arsjitekt Pierre Cuypers as ûnderdiel fan it Sint-Fredericus Liefdesgesticht, dat yn 1882 boud waard. Neidat it ein jierren njoggentich foar 75.000 euro restaurearre wie, waard it troch wenningkorporaasje Patrimonium skonken oan de gemeente en krige it in plakje by de Blokhúspoarte.

Fanwegen de werynrjochting fan de Blokhúspoarte is der sjoen oft it tuorke op in oare lokaasje yn de eardere finzenis stean koe, mar neffens boargemaster en wethâlders wie dy mooglikheid der net. In oar plak yn de Ljouwerter binnenstêd is der neffens har ek net, omdat der dan gjin link is mei it oarspronklike plak fan it bouwurk.

Der wurdt no keazen foar in plak yn De Klamp. 'De plaatsing van het torentje voegt daar extra dimensie toe en legt een link met de bestaande stad, terwijl duidelijk is dat het een toevoeging is', skriuwe boargemaster en wethâlders yn in taljochting. Doel is dat it tuorke healwei takom jier in plakje krijt yn De Klamp. Oant dy tiid bliuwt it yn de opslach stean.

Leo van der Laan

(advertinsje)