Basisskoallen moatte skreppe om personiel te krijen

Basisskoallen moatte skreppe om nei de fakânsje genôch minsken foar de klasse te krijen. Dat blykt út ûndersyk fan de PO-Ried. Dat is de lanlike brânsj-organisaasje foar it basisûnderwiis. Op guon plakken yn it lân binne sels skoallen dy't no noch net witte oft de bern oer seis wiken wol in master of juf ha. Lanlik soe it gean om in tekoart fan hast 1300 learkrêften. Skoalbestjoerders meitsje har grutte soargen.
Albert Helder fan de PO-Ried