Kollum: "Frisian Fountain Land"

18 jul 2018 - 07:55

"Op de igge, de oever foar de Lân fan taal folgers, fan jachtwerf Piersma oan De Skatting yn Heech stiet in keunstwurk. Gerrit Terpstra hat it makke. Hy is ek fan Heech. It is in keunstwurk wat de sân oseanen útbyldet. Mansheech. Piersma hat ferline wike fan it keunstwurk in fontein-keunstwurk makke. Gerrit hat it nea sa bedoeld, mar it blykt ek dat hy maklik ien fan de keunstners wêze kinnen hie, dy't in fontein makke hie foar ien fan de alve stêden.

Eelke Lok - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

Piersma hat it foar it oare tige ienfâldich dien. In wettersûgerke yn De Syl, slankje der oan, en dan it útein fan dat slankje tusken de sân oseanen fan Terpstra fêstmeitsje oan in pealtsje. De stekker fan it pompke deryn en hupstee: it wetter spuitet moai omheech. In fountain, foar de Lân fan taal-folgers.

Wêr't it wetter delkomt is de igge, de wâlskant foar de Lân fan taal-''gevorderden'. Dy rint wat skeef ôf, en sa streamt it wetter wer yn it wetter. Soks begripe se yn Dokkum noch net, om't it dêr tuskentroch ek noch efkes iis wurde moat. Mar dit spuitet o sa moai. En hjir kin de oerheid ek neat fan sizze yn de drûge perioade dy't we no ha, it is bûtenwetter. Fryslân sûpt op 't heden ynienen 45 persint wetter mear as oars, dat komt fêst fan dy stedsfountains.

Wy binne de 13e seit Piersma grutsk. De alve dy't no yn de alve Fryske stêden te besjen binne, de lullefontein fan Henk de Boer en dan no dizze yn Heech. De Fryske Oseaanfountain of sa, dy't oanjout dat de Hegemers eartiids yn de hiele wrâld oer fiere seeën harren rikke iel útsutelen. In moai aardichheidsje, wat ek wol yn 2016 ûntstean kinnen hie. Mar no yn 2018 sit der in oar boadskip efter, en dêrom omtinken foar de fountain fan Heech yn dit rubrykje.

Sjoch, as Piersma syn mûle iepen docht komt der wat frustraasje út. Dat inkeld de stêden in fountain krigen ha, en dat der gjin rekken hâlden waard mei bygelyks de wettersterke doarpen, dy't hiel goedkeap oan wetter komme kinne en dêr't sa'n fountain seker as it sa drûch is as no, wol op syn plak is. Mar no't dy sa simpel ûntstien is, kin we dochs folle mear hjir yn Fryslân. En as je mei Piersma trochprate hat er it al oer oeral sa'n ding. Wat moai. Sa ûntstie FFL. Frisian Fountain Land.

Doe wie it bier sawat op, dus ik gie nei hûs. Mar ik koe letter de sliep net mear krije. Wat in moaie gedachte wie dat. Stel je foar dat al dy doarpen yn Fryslân no sizze: ja we hienen it smoar wat yn dat der alve djoere fonteinen yn de stêden kamen, wylst wy soms ek fan dy moaie plakjes ha, dêr't bêst in fountain stean kin. En as we no sjogge dat der safolle minsken in mei grafitty bekladde walfisk of in fisk mei de bek fol sjampo besjen kinne en ek wolle. No dan kinne we de rûtes dochs wol útwreidzje. Want jonges, wy lizze ommers ek yn datselde lonely-planet-lân.

En we hingje hielendal net fan 2018 ôf. We ha ommers ek noch in legacy, in erfenis foar de Lân fan taal-folgers. Oeds Westerhof dy't dy legacy meitsje en ferkeapje moat, hoecht hjir neat oan by te dragen. Der komme aanst fyts-, far-, trein-, tram-, bus-, rin- en autorûtes lâns alle 422 mienskipsfountains. Ach, en litte we dy oare alve dan ek noch mar meinimme yn de reiskes.

Dus ik rop by dizzen no alle 422 doarpen yn Fryslân op, sorry 421 doarpen want Heech hat al ien, om in fontein te meitsjen. It iennige kloaterige is: jim moatte it as doarpsmienskip sels betelje. Mar miskien wennet der wol in rike skevel yn jim doarp dy't de kultuer romhertich wat jaan wol. En oars kinne je mei syn allen wat bouwe. Meitsje de meast waansinnige keunstdinkjes, set der in wetterslankje yn en it is klear. En set him by it wetter fan it doarp. Desneeds by de sleat.

Eeh, 's winters wol efkes útsette. Want dan giet alle omtinken dochs wer nei dy alve stêden."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)