Undernimmers wolle online en fysyk winkeljen kombinearje

17 jul 2018 - 21:35

In tal Fryske ûndernimmers wol online winkeljen en fysyk winkeljen kombinearje. Under de namme OF-Cityplan hawwe se in konsept lansearre wêrby't klanten har by de eigen lokale winkels oanmelde kinne.

Foto: OF-Cityplan

Se krije dan in account wêrmei't se op it ynternet sjen kinne hokker troch har selektearre winkels nijsgjirrige oanbiedingen hawwe. As se wat keapje, moatte se dat by de winkel ophelje. Mei dit idee hoopje de ûndernimmers it útholjen fan de lokale ekonomy tsjin te gean en de leechrin fan de binnenstêden foar te kommen.

Undernimmers

Neffens Gert de Lange, ien fan de inisjatyfnimmers, binne der al ferskate ûndernimmers dy't oan it plan meidogge, ûnder oaren yn Drachten en Snits. De bedoeling is dat it konsept oer it hiele lân útrôle wurdt.

Inisjatyfnimmer Gert de Lange

Inisjatyfnimmer Gert de Lange - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Trefwurden: 
Snits winkel OF-Cityplan
(advertinsje)
(advertinsje)