Komst Reaper-drones nei Ljouwerter fleanbasis oerienkommen

17 jul 2018 - 21:14

De oankundige komst fan fjouwer Reaper-drones nei de fleanbasis fan Ljouwert is tiisdei offisjeel oerienkommen. Definsje hat in oerienkomst tekene mei de Feriene Steaten oer de oanskaf fan de fjouwer MQ-9 Reapers. Dat barde by de Farnborough International Airshow yn Ingelân.

Neffens Definsje smyt de komst fan de Reaper-drones goed 150 banen op. De drones binne fan 2020 ôf ynsetber foar ferkenningsflechten.

(advertinsje)