Jannewietske de Vries wurdt nije boargemaster Súdwest-Fryslân

Jannewietske de Vries fan de PvdA is unanym foardroegen as nije boargemaster fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Dat hat de fertrouwenskommisje tiisdeitejûn bekendmakke op de ekstra riedsgearkomste fan de gemeente.
© Gemeente Súdwest-Fryslân
Der hienen yn totaal sechtsjin minsken sollisitearre nei de funksje fan boargemaster. De Vries is de opfolger fan Magda Berndsen. Sy waard begjin dit jier keazen as waarnimmend-boargemaster fan de gemeente, as opfolger fan Hayo Apotheker.
Fan 2007 oant en mei 2015 wie Jannewietske de Vries deputearre fan de provinsje Fryslân. Op it stuit wurket se noch as bestjoerder by de Floriade 2022.
Foarsitter Douwe Attema fan de fertrouwenskommisje
Jannewietske de Vries