Provinsjebestjoer wol fiif miljoen útlûke foar nij Cambuurstadion

17 jul 2018 - 19:43

Deputearre Steaten wol in bydrage fan fiif miljoen euro op it kleed lizze foar de ûntwikkeling fan it nije Cambuurstadion en it omlizzende WTC-gebiet. Dat docht bliken út in brief dy't tiisdei nei de steateleden stjoerd is. Deputearre Steaten sil it foarstel woansdei presintearje oan Provinsjale Steaten.

By de ekstra riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwert die moandeitejûn al bliken dat in mearderheid fan de ried foar de plannen fan de bou fan in nij Cambuurstadion en de ûntwikkeling fan it omlizzende WTC-gebiet is.

Gerrit de Boer oer de brief fan de provinsje

(advertinsje)