Beukers kinne ek yn de fakânsje nei de opfang

17 jul 2018 - 18:44

Beukers dy't wol in setsje hawwe kinne as it giet om goed prate te learen, kinne yn de simmerfakânsje ek nei de opfang. Berne-opfangorganisaasje Kids First Cop Group organisearret spesjale fakânsjewiken foar de beukers.

Foto: Omrop Fryslan, Timo Jepkema

Neffens pedagogysk meiwurkers fan de berne-opfang is te fernimmen dat de taalfeardigens fan de lytse bern efterútgiet by lange fakânsjes. Yn de spesjale fakânsjewiken wurdt de taalfeardigens fan de bern boartsjendewei stimulearre. Njonken taal is der ek omtinken foar rekkenjen, motoryk en sosjaal-emosjonele feardichheden.

Lokaasjes

Kids First Cop Group organisearret de beukerfakânsjewiken foar in tal lokaasjes yn Feanwâlden, Damwâld, Rinsumageast, Broeksterwâld, Wâlterswâld en De Westereen. It giet om de earste trije wiken fan de simmerfakânsje. De earste oanmeldingen binne yntusken binnen, seit de opfangorganisaasje.

(advertinsje)