Hoe komt it mei wynmûnepark Nij Hiddum-Houw?

Nei jierren fan diskusje is it woansdei safier: de polityk nimt in definityf beslút oer de komst fan njoggen mega-wynmûnen by de kop fan de Ofslútdyk, wynpark Nij Hiddum-Houw. Trije wiken lyn soe der al in beslút falle, mar dat waard doe útsteld om in tal saken nochris goed tsjin it ljocht te hâlden. Tsjinstanners sizze dat de komst fan dizze wynmûnen skealik is foar harren sûnens en wengenot.
Hoe sit dat krekt mei al dy wynmûnen en de arguminten fan foar- en tsjinstanners? Wy stelden de belangrykste fragen oan ús polityk ferslachjouwer Andries Bakker.
Q&A: Hoe komt it mei Nij Hiddum-Houw?
Ferslachjouwer Andries Bakker oer Nij Hiddum-Houw