Posityf gefoel deputearre De Rouwe nei besite oan Tour de France

17 jul 2018 - 17:15

De lobby om in grutte hurdfytsronde nei Fryslân ta te heljen, moat yn stilte fierd wurde. Dat is de oertsjûging fan deputearre Sander de Rouwe.

Foto: Omrop Fryslân, Evert van den Berg

Ofrûne freed en sneon wie er mei politikus en hurdfytsbestjoerder Joop Atsma op besite by de ronde. Doel wie fansels de Fryske lobby ûnder de oandacht fan de hurdfytsbestjoerders fan de grutte ronden bringe.

Giro en de Vuelta

Direkteur Christian Prudhomme is in grutte fan fan de Alvestêdetocht, seit De Rouwe. De kommende tiid wol De Rouwe ek de beide oare grutte ronden, de Giro d'Italia en de Vuelta yn Spanje, besykje.

Nei Fryslân

Yn de kommende fiif of seis jier wol er ien fan dizze ronden nei Fryslân ta heljen. In etappe by de alve stêden del of in tiidrit op de Ofslútdyk binne foar him de moaiste opsjes.

Deputearre Sander de Rouwe oer de Tour de France

(advertinsje)