''Der komt noch gjin bak wetter oan'', seit Piet

17 jul 2018 - 16:38

De waarmte yn Fryslân soe it wolris oant healwei augustus folhâlde kinne. Dat is de ferwachting fan waarman Piet Paulusma fan Harns.

Foto: Omrop Fryslân

Neffens Piet Paulusma is it tige drûch yn de provinsje. ''De waarmte kin ek noch wol in moanne trochsette, mar wy sille it net sûnder buien hâlde kinne dizze simmer'', seit er. As it dan ien kear begjint te reinen, dan kin dat samar ris foar problemen soargje. ''As der ynienen hûndert milimeter falt, dan hast fuortendaliks it totaal fan in moanne. Mei swiere buien spielt ek alles fuort om't de grûn sa drûch is.

Piet Paulusma oer de drûchte

Yn de simmer fan 1976 wie it ek ekstreem waarm en drûch yn ús lân, mar dat senario is noch fier fuort, neffens Piet. ''It wie doe in hjitteweach fan santjin dagen. It wurdt noch dreech om dat yn te heljen, mar ik kin wol sizze dat it in hiel drûge perioade wurdt.''

Trefwurden: 
waar Piet Paulusma
(advertinsje)