Slachtoffers fan de fleanramp mei de MH17 betocht

17 jul 2018 - 16:26
Wrakstikken fan de MH17 - Foto: ANP

Yn Vijfhuizen yn Noard-Hollân binne tiisdei de 298 slachtoffers betocht dy't omkamen by de ramp mei de MH17. It tastel fan Malaysia Airlines waard fjouwer jier lyn út de loft sketten. Dêrby kaam ek it echtpear Dalstra fan De Gordyk om it libben.

De nammen fan de slachtoffers waarden foarlêzen en dêrnei waarden blommen dellein by it monumint ta neitins oan de minsken dy't omkamen. Der wiene sa'n tûzen minsken by de betinking, út binnen- en bûtenlân.

Trefwurden: 
Vijfhuizen MH17 Dalstra
(advertinsje)