Nije stichting wol Zalen Schaaf yn Ljouwert behâlde

17 jul 2018 - 16:22

It histoaryske stedsteäter Zalen Schaaf yn Ljouwert moat behâlden bliuwe. Dat is de ynset fan de nije stichting Vrienden van Schaaf. Mei de stichting wolle de bestjoersleden foarkomme dat yndividuele aksjes troch it ferlet oan koördinaasje fêstrinne.

Der is in foarriedich bestjoer dat bestiet út Johan Juckers, Simon Ferwerda en Frans van den Borg. Yn it komitee fan oanbefelling sitte ûnder mear Ritsko van Vliet, Wilfred de Jong, Steven de Jong en Joop Fenstra.

(advertinsje)