It Hearrenfean set arguminten tsjin gaswinning op in rychje

17 jul 2018 - 16:15

De gemeente It Hearrenfean set de arguminten tsjin gaswinning better op papier. It CDA yn de gemeenteried hie dat foarsteld en oare partijen binne it dêr mei iens. Neffens it CDA kinne je as gemeente wol oanfragen foar gaswinning ôfwize, mar dan moatte je dat wol goed útlizze kinne.

Foto: Omrop Fryslan, Timo Jepkema

Oant no ta hat It Hearrenfean net de goede romtlik-planologyske arguminten wêrmei't de gemeente oanfragen fan bedriuwen lykas Vermilion ôfwize kin. Bygelyks de winsk om it iepen karakter fan it bûtengebiet te behâlden, of it risiko fan boaiemdelgong yn it feangreidegebiet. De gemeente Haastrecht hie sokke arguminten wol op in rychje set en koe sa de gaswinning keare. It Hearrenfean sil no ek sa'n nota meitsje.

Trefwurden: 
Hearrenfean CDA gaswinning
(advertinsje)
(advertinsje)