Fiif Friezen lykje spil yn grut drugsnetwurk

17 jul 2018 - 15:08

De plysje hat by in ûndersyk nei organisearre himptylt fiif minsken oanhâlden. It giet om fjouwer manlju út Ljouwert en in frou út Hallum. De plysje hat alve huzen en bedriuwsgebouwen trochsocht yn Ljouwert en direkte omjouwing. Der is beslach lein op ûnder oare administraasje, kontant jild en weardefol guod. De plysje slút mear oanhâldingen net út.

De plysje kaam de fertochten op it spoar nei oanlieding fan anonime tips. Hjiryn waard sein dat de fiif fertochten harren mooglik dwaande hâlden mei himptylt en it fasilitearjen fan himptylt. Dêrnjonken kamen de nammen fan de fertochten ek nei foaren yn oare ûndersiken. Dit wie foar it spesjale himpteam fan de plysje Noard-Nederlân genôch reden om dizze groep spesifyk te ûndersykjen.

Fasilitêr

Ien fan de pannen dy't de plysje op it each hie wie in bedriuwspân oan de Cereswei yn Ljouwert. Al gau waard dúdlik dat der fan út dit gebou apparatuer en oar guod levere waard wêrmei't in himpkwekerij opset wurde koe. Sa is materiaal weromfûn by de grutte himpfabryk yn Foxhol dat mooglik út Ljouwert komt. Mar der waard ek oan oare plakken yn Noard-Nederlân levere.

De fertochten hiene ûnder oare filters, stoppekasten en groeimiddel op foarried. De plysje neamt it in 'gruthannel' foar himpkwekers.

Kwekerij

Njonken it leverjen fan apparatuer en guod hawwe de fertochten sels mooglik ek himp kweekt. It DNA fan twa fan de fiif fertochten is weromfûn yn himpkwekerijen yn Sint-Jabik en Warten.

En it wurk fan de fertochten bleau net allinnich binnen de lânsgrinzen. Moandei waard yn it Dútske Niederlangen in grutte himpkwekerij oprôle troch de lokale plysje. Ek dizze kwekerij liket ferbûn te wêzen mei it netwurk yn Ljouwert. In part fan de himp út Dútslân waard nei Ljouwert ta brocht om dêr ferwurke en ferhannele te wurden.

Foto: Omrop Fryslan, Auke Zeldenrust

Sluting

Boargemaster Crone wol de gebouwen, dêr't de himp en kwekerijprodukten oantroffen binne, slute. Ek wurde djoere saken dy't de fertochten mooglik mei krimineel jild kocht hawwe yn beslach naam. Sa binne der njonken kontant jild en twa kluzen, sân auto's, in frachauto en in boat yn beslach naam. Crone ropt de ynwenners fan de stêd op om fertochte saken te melden.

Trefwurden: 
hennep kriminaliteit
(advertinsje)
(advertinsje)