Undersyk nei it ferkear en de diken by it Fochtelerfean

De gemeente Eaststellingwerf docht ûndersyk nei it ferkear yn en om it Fochtelerfean. De útkomsten wurde brûkt by it opstellen fan in rekreaasjeplan foar it Fochtelerfean.
Kraanfûgels op de dyk yn natuergebiet Fochtelerfean © H. Feenstra
De gemeente hie it ferkearsûndersyk letter dwaan wollen, mar hellet it nei foaren. Dat bart ek om't der in moanne lyn jonge kraanfûgels deariden binne op de dyk troch it natuergebiet.

Minder belangryk

It is de bedoeling om de dyk minder belangryk te meitsjen as de trochgeande rûte. De gemeente wol dêrby wol rekken hâlde mei de feilichheid, de belangen fan de minsken dy't der wenje, de natuer en de rekreaasje. De útkomsten fan it ûndersyk lizze der oankommende hjerst, sa is de ferwachting.

Undersyk

It ûndersyk giet net allinne oer de dyk troch it Fochtelerfean hinne, mar ek oare diken tusken Appelskea, Easterwâlde en de N919 wurde meinommen.