Escher bliuwt minsken lûken: 100.000ste besiker ûntfongen
Escher bliuwt minsken lûken: 100.000ste besiker ûntfongen
De Escher-tentoanstelling yn it Fries Museum hat nei sa'n tolve wiken al 100.000 besikers oer de flier hân. Dat binne der 10.000 mear as de organisaasje ferwachte hie.
De 100.000ste besikers wiene in man en frou út Leiden. Sy krigen in orizjinele print fan Escher, út hannen fan direkteur Kris Callens fan it Fries Museum. It echtpear wie út de skroeven mei it kado.