Polityk wol blokmiezen ynsette tsjin ikeprosesjerûp

17 jul 2018 - 13:58

De gemeente Eaststellingwerf set mooglik blokmiezen (koolmees) yn by de striid tsjin de ikeprosesjerûp. De rûp is in grutte pleach yn de gemeente. Nettsjinsteande maatregels is it oantal ikeprosesjerûpen mei 110 prosint tanaam.

ikeprosesjerûp foar it earst yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslan

Om't de tanimming sa grut is, komme GrienLinks, StellingwerfPlus, D66 en ChristenUnie no mei in amendemint wêryn't se de gemeente oproppe blokmiezen yn te setten. De ynset fan de fûgeltsjes yn de gemeente Westerveld is neffens de fraksjes in sukses.

De miezen ite jonge en folwoeksen rûpen en ferniele dêrby ek de nêsten fan de rûp. Der soene dêrom blokmieskastjes ophongen wurde moatte yn beammen by de rûtes fan skoalbern del. De gemeenteried praat tiisdei oer it útstel.

(advertinsje)