Wendy hat har doel fan 125.000 euro foar ymmúnterapy helle

Wendy Wagenaar, oarspronklik fan Drachten, hat yn in pear dagen tiid 125.000 euro ophelle foar ymmúnterapy yn Dútslân. Wagenaar wie de crowdfundingsaksje begûn omdat se aaistôkkanker hat en yn Nederlân net de behanneling krije kin dy't se graach hawwe wol.
© Eigen foto
De teller stiet tiisdei oan it begjin fan de middei al op 126.250 euro. Dat is mear as tûzen euro boppe it streefbedrach fan 125.000 euro. Moandei joech de jonge mem al oan dat se oerdondere wie troch de stipe dy't se krige.
Wendy is 40 jier, hat trije lytse bern en wol it jild brûke om spesjale ymmúnterapy te ûndergean yn Dútslân. De minsken dy't har no stypje jouwe sawol lytse as tige grutte bedragen. Donaasjes fan 1000 euro of mear binne gjin útsûndering.
In protte minsken litte ek in lyts berjocht achter foar Wagenaar. "Succes met de strijd, je verhaal gaf mij kippenvel. Ik hoop dat de behandeling aanslaat en jij je kinderen zult zien opgroeien!", skriuwt ien fan de donateurs.